Tsjinslach by nije akwadukten

17 sep 2014 - 17:16

By de oanlis fan twa akwadukten by Ljouwert is tsjinslach. Yn it akwadukt by de westlike ynfalswei en dy by Ritsumasyl is yn de bakken lekkaazje ûntstien. Hoe't dat krekt kin, is net rjocht dúdlik. By it akwadukt yn de westlike ynfalswei siet it probleem yn de tydlike stalen damkonstruksje, mar liket ûnder kontrôle.

By de tunnel by Ritsumasyl sitte nei alle gedachten skuorkes yn de rubberen bân dy't om de betonnen bak sit of sit dy bân net goed op syn plak. Der wurdt wurke oan in oplossing.

De pech betsjut yn alle gefallen fertraging yn it wurk, hoe lang is ûnwis. De Heak om Ljouwert soe neffens planning ein dit jier oplevere wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)