Tsjinslach foar 'Sportstêd'

23 des 2002 - 00:00

It projekt Sportstêd Hearrenfean driget yn de problemen te kommen. De Europeeske Mienskip hat in beslút oer de finansiering fan de plannen in moanne útsteld. Mar neffens wethâlder Brouwers kin it projekt dat útstel net ferneare, om't it dan guon subsydzjes misrint.

Sportstêd Hearrenfean hâldt yn dat it stadion fan Hearrenfean útwreide wurdt. Ek komme der nije sporthallen en in nij swimbad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)