Tsjinslach by brêge Stroobos

23 aug 2008 - 12:22

De needreparaasje oan de brêge fan Stroobos wol net slagje. De brêge is noch altiten stremd foar autoferkear. Freed rûn in lager fêst. Dy lager sit sa fêst, dat it hiele ûnderdiel fan de brêge demonteard is en nei in wurkplak yn Delfsyl brocht is.

Dêr is it ek mei swier materieel net slagge de as los te krijen. Moandei wurdt dat opnij besocht. Omdat it ûnderdiel no út de brêge is, kin dy gjin gewicht ha. De stremming duorret seker noch oant woansdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)