Tsjingoal Cambuur nominearre

15 maaie 2009 - 18:26

De goal dy't Emmen-fuotballer Kiran Bechan makke yn de wedstryd tsjin SC Cambuur is nominearre foar de titel Jupiler League Doelpunt fan it jier. Dat is freed bekend makke. FC Emmen wûn de wedstriid op 6 febrewaris fan dit jier mei 3-2 fan Cambuur, nei't de Ljouwerters noch mei 2-0 foar stien hiene.

Bechan tekene foar de lykmakker fan de Drintse ploech. Mei-inoar binne tsien goals nominearre foar de titel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)