Tsjin lantearnepeal oanriden

16 nov 2008 - 13:32

In 26-jierrige Ljouwerter is sneontenacht syn rydbewiis kwytrekke nei't er tsjin in lantearnepeal yn 'e stêd oanriden wie. De man hie tefolle drank op. Hy rekke net ferwûne, mar waard wol nei it sikehûs brocht.

Doe't de plysje nammentlik by de man oankaam, lei er op de grûn en klage er oer in soad pine. Hy fertelde de plysjes ek dat er folle bier dronken hie. De Ljouwerter moast dêrop syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)