Tsjin ferkear yn op beam botst

06 maaie 2011 - 11:13
  • De Grutte Bredeplaats yn Harns (foto: Omrop Fryslân)

De plysje hat tongersdei yn Harns it rydbewiis fan in 42-jierrige frou út dy stêd yn beslach naam. Tsjûgen melden by de plysje dat op de Grutte Bredeplaats in auto tsjin it ferkear ynriden wie en tsjin in beam botst wie. Plysjes dy't ûndersyk diene, fûnen de bestjoerster yn in hoarekasaak yn 'e buert. Se wie hiel dronken. Dêrom is se meinaam nei it plysjeburo. Dêr is in proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)