Tsjildoppen yn Boalsert stellen

26 jul 2004 - 11:36

Twa jonges út Boalsert binne sneintemoarn oan de plysje oerdroegen. In meiwurker fan in befeiligingsbedriuw hie de jonges oanhâlden om't se fiif tsjildoppen fan auto’s stellen hienen. De meiwurker hie sjoen dat de jonges de doppen fan parkearde auto’s op de Nieuwmarkt helle hienen.

De jonges, beide strafrjochterlik minderjierrich, moasten nei it buro foar fierder ûndersyk. Fjouwer doppen koenen werom nei de eigner út Hichtum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)