Tsjil rôlet tsjin auto's oan

13 des 2012 - 10:51
  • Plysjemotor

De plysje siket de eigener fan in autobân dy't woansdei by Deinum foar skea oan in pear auto's soarge hat. De plysje krige oan it begjin fan de jûn in melding oer skea oan twa auto's. Dy wie ûntstien troch in tsjil dat oer de dyk rôle en tsjin beide auto's oankaam wie. Dat wie op de rotonde fan de ôfslach Deinum by de grutte dyk. It tsjil is nei alle gedachten fan in auto of frachtwein ôffallen. De plysje freget de eigener oft dy kontakt opnimme wol. Tsjûgen wurdt ek frege har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)