Tsjettel fan de takomst

04 apr 2007 - 11:54

Tweintich bewenners fan de wyk Bilgaard yn Ljouwert hawwe of krije ynkoarten de tsjettel fan de takomst yn 'e hûs. It giet om in proef mei tsjettels dy 't net allinich foar waarmte en waarm wetter soargje, mar ek elektrisiteit opwekke. De gasrekken giet wol wat omheech, mar de totale enerzjyrekken wurdt leger.

It is de earste kear yn Nederlân dat in proef op dizze skaal útfierd wurdt. It giet om huzen by it Rietveldplein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)