Tsjerkje Wier wurdt opknapt

14 mrt 2011 - 12:13

Takom moandei begjint de restauraasje fan it tsjerkje fan Wier. De opknapbeurt kostet goed 9 ton. It jild wurdt opbrocht troch de gemeente Menameradiel, de provinsje en it ryk. De tsjerke is yn besit fan stifting Alde Fryske Tsjerken. Deputearre De Vries en wethâlder Van Asperen fan Menameradiel jouwe moandeitemiddei it startskot foar de restauraasje.

Nei de opknapbeurt sil it tsjerkje ûnder oare brûkt wurde foar rou- en troutsjinsten, lêzingen en konserten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)