Tsjerkje Wetsens nei stichting, mei jild fan partikulier

08 apr 2016 - 18:02
  • It tsjerkje fan Wetsens

It tsjerkje fan Wetsens is sûnt freed yn hannen fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. It is alwer de 46e oanwinst fan de stichting dy't soarget foar it behâld fan de tsjerken. Dochs is dizze oanwinst wer unyk, want in partikulier hat der foar soarge dat der jild kaam foar it ûnderhâld fan de tsjerke. Willem van Riemsdijk dy't in part fan syn jeugd yn de omkriten fan Wetsens trochbrocht hat, woe jild stekke yn it ûnderhâld fan de tsjerke.

It tsjerkje fan Wetsens datearret fan de de earste helte fan de tolfde iuw.

It hat hiel wat stoarmen oerlibbe yn letterlike en figuerlike sin, mar it die gjin tsjinst mear as gebedshûs en ûnderhâld is djoer. De Protestantske gemeente woe der ôf. In keaper wie der al, mar úteinlik waard dochs keazen foar de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Al hie dat wol wat fuotten yn 'e ierde, want de stichting woe it pân om neat hawwe en eins ek noch jild ta. As it oan in partikulier ferkocht west hie, hie dat jild opsmiten.

En no kin it tsjerkje dus wer foarút. Net mear as tsjerke sa't dy wie, mar as mienskipssintrum foar spesjale gelegenheden. Dy sille troch in lokale kommisje organisearre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)