Tsjerkje Finkegea mei bewenne

16 aug 2008 - 13:18

B&W fan Weststellingwerf ha besletten dat it tsjerkje yn Finkegea bewenne wurde mei. Yn maart fan dit jier is hjirta in fersyk yntsjinne mei de garânsje dat it tsjerkje der wer as fanâlds út komt te sjen.

De stifting Behâld Finkegea is teloarsteld oer it beslút fan it kolleezje en hopet dat de gemeenterie de plannen noch keare sil. De stifting wol de tsjerke graach ferbouwe ta doarpshûs. Neffens de stifting binne in soad bewenners tsjin op de ferkeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)