Tsjerkhôfboerd yn Wierum stellen

03 maaie 2003 - 00:00

It boerd dat by it tsjerkhôf fan Wierum oanjoech dat der alliearde militêren begroeven lizze, is stellen. Behearder Smit tinkt dat it meinommen is troch sûvenirjagers.

It boerd is al in lyts jier fuort. Der waard lykwols fanút gien dat de gemeente it by it opknappen fan it tsjerkhôf tydlik fuorthelle hie. No't bliken docht dat dêr gjin sprake fan is, besiket behearder Smit sa gau mooglik in nij boerd te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)