Tsjerkhôf Reduzum opknapt

20 des 2013 - 21:01
  • De Vincentiustsjerke yn Reduzum, hjir op argyffoto

It hôf fan de Vincentius tsjerke yn Reduzum is wer hielendal by de tiid. Tal fan frijwilligers hawwe mei help fan bedriuwen en sponsors it hôf yn oardel jier wer opknapt. It projekt is útfierd foar goed 60.000 euro. Deputearre Johannes Kramer hie freed de eare it nije stek dat om it hôf stiet offisjeel te iepenjen. De opknapbeurt hat lang op him wachtsje litten. Yn 1973 hat Doarpsbelang Reduzum der foar it earst om frege by de tsjerkeried.

Lang wie der gjin jild foar beskikber. Dat feroare pas yn 2012 doe't der jild beskikber kaam út fûnsen fan de Rabobank en de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)