Tsjerkgaast wurdt 'Kyrkahöjd'

02 maaie 2002 - 00:00

De Sweedske fuotballers dy't by Hearrenfean spylje, hawwe tongersdei it boerd 'Kyrkahöjd' by Tsjerkgaast ûntbleate. Dat is de Sweedske namme fan Tsjerkgaast. It doarp organisearret in Sweedske wike yn it ramt fan it WK fuotbal.

De ynwenners woene yn har nije doarpshûs op in grut skerm it Nederlânsk alvetal folgje, mar dat is útskeakele. No wurdt it gielblauwe team fan Sweden dus stipe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)