Tsjerketuorren as útkykposten

30 maaie 2002 - 00:00

De tsjerketuorren fan Reahûs en Achlum moatte útkykposten foar de Slachtedyk wurde. Dat wol It Fryske Gea, dat de dyk beheart. De tuorren brûke is better as aparte posten te bouwen.

De stichting dy't de Slachtemaraton organisearret hat plannen foar sa'n belvedêre by Kûbaard. Dat jild kin better nei in fuotgongersbrêge oer de dyk Harns-Frjentsjer, fynt It Gea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)