Tsjerketsjinst oer molkpriis

13 okt 2009 - 21:35

By it fort fan strie dat boud is yn Aldeholtwâlde wurdt no snein in tsjerketsjinst hâlden, spesjaal foar boeren dy't slim troffen wurde troch de lege molkprizen fan dit momint. It giet om in tsjinst foar minsken fan alle tsjerken.

Njonken it fort fan strie yn Aldeholtwâlde wurdt in tinte delsetten. Dêr sil de tsjinst hâlden wurde. Letter kinne boeren dêr ek meielkoar prate oer de omstannichheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)