Tsjerkestuollen yn 'e ferkeap

15 feb 2003 - 00:00

De Grutte Tsjerke yn Ljouwert hat dizze wike de âlde stuollen yn de ferkeap dien. De renovaasje is sawat klear en dêrnei komme der nije stuollen. Foar fyftjin euro koene gemeenteleden, mar ek oaren, in stikje skiednis fan de Grutte Tsjerke keapje.

De belangstelling wie grut. Yn de rin fan dizze wike wiene der hûnderten stuollen ferkocht. De opbringst fan de ferkeap giet nei de Grutte Tsjerke sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)