Tsjerkenacht yn Ljouwert

26 jun 2011 - 08:43

Yn Ljouwert is sneontejûn foar it earst meidien oan de tsjerkenacht. De Waalkse tsjerke, de Dominicustsjerke en de Mennistetsjerke setten har doarren iepen.

De tsjerkenacht is in inisjatyf fan de Ried fan Tsjerken yn Nederlan. Der waard songen, bidden en der wie in tsjerklike merk. De organisaasje wol fan de tsjerkenacht in jierliks evenemint meitsje yn Ljouwert. Doel is dat der takom jier noch mear tsjerken meidogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)