Tsjerken sette doar iepen

05 maaie 2004 - 00:00

Sa'n tweintich tsjerken tusken Sint Nyk en it Reaklif sille dizze simmer alle sneontemiddeis tusken 3 july en 4 septimber de doarren iepenje foar it publyk. De giet om in inisjatyf fan de Fryske Rie fan Tsjerken en de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

Oan de iepenstelling is ek in fytstocht of kuiertocht ferbûn ûnder de namme Liembultetocht. En der wurdt in spesjaal gidske útjûn mei in beskriuwing fan de tsjerken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)