Tsjerken moatte mear iepen

20 jun 2007 - 10:00

De Fryske tsjerken moatte net inkeld op snein iepen wêze. Dat fynt de organisaasje Tsjerkepaad, in jierlikse simmeraktiviteit foar tsjerken. Mear as 100 tsjerken iepenje yn july, augustus en septimber foar it fjirde jier op rij sneontemiddeis de doarren.

De organisaasje fynt it belangryk dat minsken ek as se net nei tsjerke gean it gebou besjen kinne. Dêrneist is der in mooglikheid om ta besinning te kommen of in kearske te baarnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)