Tsjerken liede needklok

27 nov 2007 - 16:19

De Ried fan Tsjerken Fryslân en it bisdom Grins-Ljouwert fierden tiisdei aksje tsjin it ôfsjitten fan it Suderseespoar. Om fjouwer oere waarden tsjerkklokken let as in symboalyske needklok. De tsjerken fine in trein wichtich foar de skepping om't dy in soad útstjit fan auto's foarkomt.

Om fjouwer oere begûn de harksit oer it Suderseespoar yn de Twadde Keamer. Belanghawwenden kinne dan nochris har miening oer it spoar jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)