Tsjerken iepen foar bern

10 mrt 2010 - 10:55
  • Trije tsjerken nije wike sneon iepen foar bern.

De Stichting Alde Fryske Tsjerken hâldt foar it earst yn syn 40-jierrich bestean in aktiviteit spesjaal foar bern. Nije wike sneon kinne bern in besite bringe oan de tsjerken fan Goaiïngaryp, Sint Nyk en De Lemmer.

Se krije dêr ynformaasje oer de tsjerke en ek wurdt der in ferhaal ferteld. De aktiviteit giet foarôf oan de jierlikse maaitiidsekskurzje fan de stichting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)