Tsjerkemuorren ûndersocht

07 maaie 2007 - 10:36

De griffermearde tsjerke fan Donkerbroek wurdt ûndersocht mei in spesjale metaaldetektor. Der wurdt socht nei bline ankers yn de muorren.

De muorren fan de tsjerke ha lêst fan breedteskuorren. Dy binne it gefolch fan muorankers: omdat it izer rusket sette de ankers út en wurde fiif kear sa dik. De topgevel fan de tsjerke is dêrtroch in eintsje optild. De herfoarme tsjerke fan Wiuwert wurdt op deselde wize ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)