Tsjerkeklok op Midslân werom

16 jul 2003 - 00:00

De âlde tsjerkeklok fan Midslân op Skylge is tiisdei wer op syn âlde plak werom set. De hast 500 jier âlde brûnzen klok waacht 960 kilo. De klok waard yn 1512 yn de tsjerke hongen. Doe't de tsjerke yn 1880 ôfbrutsen waard, ferdwûn ek de tsjerkeklok.

De stifting 'De Klok Terug' ûntduts dat de klok yn in tsjerke yn Schagen hong. De klok is oankocht, opknapt en wer teplak yn Midslân. By in konsert wurdt de klok freed offisjeel ferwolkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)