Tsjerkefúzje giet troch

12 des 2003 - 00:00

De Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, de Gereformearde Tsjerken en de Evangelysk Luterske Tsjerke sille definityf fusearje. De synoades fan de trije tsjerken gongen freed yn Utrecht mei in foldwaande mearderheid akkoart mei it fúzjebeslút.

Yn Noard- en East-Fryslân wiene tal fan gemeenten tsjin de fúzje. Der wurdt al fjirtich jier praat oer in fúzje fan de protestânske tsjerken yn Nederlân. Dat ûnder de neamer 'Samen op weg'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)