Tsjerke yn septimber wer iepen

16 aug 2011 - 14:59

De restaurearre tsjerke fan Koartsweagen wurdt ein septimber offisjeel yn gebrûk naam. Fan it gebou binne de ôfrûne tiid de kap, de westgevel en it tuorke oanpakt. De flier hat ek in nije fundearring krige tsjin fierder fersakjen. Boppedat is der sintrale ferwaarming oanlein.

It wurk hat goed twa ton koste. It grutste diel dêrfan komt fan it Ryk. Boargemaster Ravestein fan Opsterlân docht de offisjele iepening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)