Tsjerke wol Goederenbank net

29 jul 2010 - 14:27
  • Tydlik opslachplak Goederenbank (foto: Omrop Fryslân)

De Adelaarstsjerke yn Ljouwert is net beskikber foar de Goederenbank. De winkel foar twaddehâns guod siket plak nei de brân. De organisaasje wol graach yn 'e wyk Bilgaard bliuwe en de Adelaarstsjerke komt te keap. Mar de ried fan tsjerken wol it ferkeapje oan in tsjerklike ynstelling. It gebou komt pas takom jier simmer te keap.

Frijwilligers fan de Goederenbank binne mei in hantekenaksje begûn om yn 'e wyk bliuwe te kinnen. De winkel is ek moetingsplak foar buertbewenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)