Tsjerke Wier yn tv-programma

16 aug 2007 - 19:58

Mei help fan in tv-programma hopet de Stifting Alde Fryske Tsjerken einliks genôch jild op te heljen om it tsjerkje fan Wier op te knappen. It tsjerkje makket kâns op ien miljoen euro yn it programma Bankgiro Loterij Restauratie en moat it dêrfoar opnimme tsjin 14 oare gebouwen yn Nederlân.

Der is mar ien gebou dat it jild ek echt krijt en it publyk bepaalt hokker gebou dat is. De winner wurdt op 31 oktober bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)