Tsjerke Westernijtsjerk klear

02 sep 2008 - 17:45

"It begjin fan in nije takomst". Dat is de winsk dy't tiisdeitemiddei útsprutsen waard by de ôfsluting fan de restauraasje fan de tsjerke fan Westernijtsjerk.

It tsjerkje is, yn opdracht fan de stifting Alde Fryske Tsjerken, foar tûzenen euro's opknapt. It dak is makke, de muorren binne op 'e nij stúkt en ek de toer is no wer goed te beklimmen. Ynkoarten sille der ûnder oaren keunsteksposysjes en muzykfoarstellings yn holden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)