Tsjerke Rinsumageast wurdt ferboud ta B&B

12 jul 2015 - 17:11

De griffoarmearde tsjerke yn Rinsumageast wurdt ferboud ta in 'Bed and Breakfast' foar maksimaal tsien persoanen. De tsjerke út 1913 stiet al seis jier leech fanwege in fúzje fan tsjerken. De eksploitant Jeroen Dijk út Grins hat alle fergunnings en omdat der gjin beswieren ynstjinne binne, kin de ferbou al gau útein sette.

De tsjerke wurdt fan binnen en bûten safolle mooglik yntakt holden. De preekstoel hâldt syn plakje, mar de banken geane derút om romte te meitsjen foar in grutte húskeamer. Binnen twa jier moat de B&B klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)