Tsjerke Kûbaard restaurearre

25 apr 2005 - 17:50

Nei 9 moannen wurk is de herfoarme tsjerke fan Kûbaard wer hielendal klear foar gebrûk. De tsjerke is ien fan de âldsten fan Fryslân. By de restauraasje kamen de âldste grêfstiennen dy't oait fûn binne yn Fryslân foar it ljocht. Ek de grêven fan foarâlden fan Titus Brandsma binne yn de tsjerke fûn.

De tsjerke is wer yn orizjinele steat werombrocht, der is in nij dak opkommen en muorren en tsjerkbanken hawwe de oarspronklike kleur weromkrigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)