Tsjerke komt op foar siik jonkje

10 nov 2000 - 15:34

De herfoarme gemeente fan Arum fiert aksje foar in siik 12-jierrich nierpasjintsje. Twa kear waard syn operaasje yn it Sofia Bernesikehûs fan Rotterdam útsteld fanwege personielskrapte.

Dûmny Nicolay freget no yn in brief oan minister Borst fan Folkssûnens omtinken foar de situaasje. Hja hopet dat har inisjatyf neifolging kriget en dat oare tsjerken ek in protestbrief skriuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)