Tsjerke Koartsweagen opknapt

10 sep 2009 - 12:03
  • It tsjerkje fan Koartsweagen wurdt opknapt

De restauraasje fan in âlde tsjerke yn Koartsweagem is woansdei fan start gongen. It tsjerkje dat der al sûnt 1792 stiet wurdt ûnder hannen naam troch de stichting 'Alde Fryske Tsjerken'. It eardere herfoarme tsjerkje wurdt tsjintwurdich benammen brûkt foar begraffenisen en trouwerijen.

Ferwachte wurdt dat de restauraasje sa'n trije moanne yn beslach nimme sil. De kosten fan it opknappen binne goed hûnderttûzen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)