Tsjerke It Amelân útbaarnd

05 feb 2013 - 07:46
  • Brân tsjerke Amelân
  • Clemenstsjerke nei de brân
  • Clemenstsjerke It Amelân

Troch in grutte, fûle brân is de ryksmonumintale Sint Clemenstsjerke yn Nes op It Amelân tiisdeitemoarn folslein útbaarnd. It fjoer begûn om fiif oere hinne en sloech hiel hurd om him hinne. De tsjerke wie net mear te rêden. Allinnich de muorren stean noch oerein. De pastorij en in bygebou binne wol bewarre bleaun. De brânwacht hat noch besocht de sydbeuken te rêden, mar dat slagge úteinlik net. Der is net ien ferwûne rekke. De tsjerke is fan 1878 en is ûntwurpen troch arsjitekt Cuijpers.

De brânwacht wie tsjin healwei achten klear mei blussen. Der waard tiisdeitemoarn noch wol neiblust.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)