Tsjerke hat tydlik oar plak fûn

25 des 2004 - 14:55

De frijmakke gereformearde tsjerke yn Harns kin it kommend krystwykein foar de tsjinsten gebrûk meitsje fan de gereformearde tsjerke oan de Mullumerleane yn de stêd. Der moast in oar ûnderkommen socht wurde, nei't tongersdeitejûn de tsjerke oan de Noardeastersingel útbaarnde.

Ekspert ha de skea opnaam en it enerzjybedriuw hat de liedingen ôfsletten. By de neistlizzende serviceflat is de tún opromme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)