Tsjerke ferliest oan DSB

08 des 2009 - 15:07

De grifformearde tsjerke yn Winsum hat nei alle gedachten tsientûzenen euro's ferlern by de ferkeap fan de pastorij by de tsjerke. De opbringst is nammentlik as sparjild fuortset by de DSB-bank. Mar no't dy bank fallyt is, is de kâns grut dat de tsjerke heechút in ton krijt. Dat is it bedrach dat it regear garandearret.

In wurdfierder fan de tsjerke wol net sizze foar hoefolle de pastorij ferkocht is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)