Tsjerke Eastermar opknapt

22 jun 2014 - 14:16
  • Tsjerke Eastermar

De tsjerke fan Eastermar is snein nei in renovaasje en útwreiding wer feestlik yn gebrûk naam. Dat barde mei in bysûndere tsjinst dêr't in hiel soad folk op ôf kaam. It wurk duorre hast twa jier en opfallend is dat hast al it wurk dien is troch frijwilligers. Dêrby spile de krisis yn de bousektor ek noch in rol, want dêrtroch wiene der relatyf in soad minsken mei in achtergrûn yn de bou út it wurk en dus beskikber. In meubelmakker makke bygelyks in moai ferljochte krús foar yn de tsjerke op It Heechsân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)