Tsjechen fuort by H'fean

16 mrt 2012 - 13:22

Michal Svec en Milan Kopic sille oan de ein fan dit seizoen SC Hearenfean ferlitte. De kontrakten fan it Tsjechyske duo rinne ôf en sille net ferlingd wurde.

Kopic hat woansdei te hearren krigen dat Hearrenfean net mei him fierder wol. It nijs kaam net as in ferrassing omdat Kopic yn syn perioade by Hearrenfean te krijen hân hat mei in soad blessuereleed. Sa spile er yn fjouwer jier mar njoggen wedstriden yn de earedivyzje. Svec kaam dit seizoen njoggen kear yn aksje, alle kearen as ynfaller.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)