Tsjûgen socht fan stellerij

13 mrt 2012 - 10:39
  • Ynbraak

De plysje siket minsken dy't mear witte fan in tal stellerijen yn Warten en Warstiens. Dêr waarden yn de nacht fan 4 op 5 maart op meardere plakken saken meinaam. It giet ûnder oare om fytsen, klean en in izeren skou fan seis meter.

In man út Apeldoorn betrape yn deselde nacht in man dy't fertocht die yn de jachthaven fan Warten. Doe't de man dat yn 'e gaten krige sloech er de ynwenner fan Apeldoorn mei in izeren staaf op 'e holle. Dêrnei naaide er út. De plysje hopet no mei tips de stellerijen en mishanneling oplosse te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)