Tsjûgen fjochterij socht

12 mrt 2012 - 10:38

De plysje siket minsken dy't mear witte oer in fjochtpartij fan sneontenacht op It Hearrenfean. Dêr rekken op it Moleplein twa groepkes slaande deilis. By beide partijen foelen klappen.

In tal belutsenen hat oanjefte dien fan de fjochterij. De plysje is no op syk nei twa manlju dy't der ek by belutsen wiene. Minsken dy't tips oer harren hawwe, wurdt frege kontakt te sykjen mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)