Tsizen stellen yn Bilgaard

05 feb 2011 - 12:52

Ut in winkel yn Bilgaard yn Ljouwert binne freedtenacht twa grutte tsizen stellen. Plysjes seagen dy nacht 4 tsizen yn in auto lizzen. De fjouwer ynsittenden draafden fuort doe't se de plysje seagen. De plysje hold de auto yn de gaten en even letter kamen de manlju werom. De tsizen waarden nei in hûs brocht. De Roemeenske manlju koene net útlizze wêr't de tsizen weikamen.

Dêrom waarden harren gegevens opskreaun. Letter die bliken dat de tsizen stellen wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)