Tsiismakkerij wurdt skjinmakke

01 aug 2014 - 14:50
  • De tsiismakkerij is net alhiel ôfbaarnd

FrieslandCampina ferwachtet dat se dit wykein begjinne kinne mei it skjinmeitsjen fan de tsiismakkerij yn Gerkeskleaster. De brânwacht is dêr foar de fjirde dei oan de gong mei neiblussen. De dielen fan it fabryk dêr't gjin brân west hat, binne freed foar in part ynspektearre.

It sjocht der nei út dat de tsiismakkerij noch yn reedlike steat is. Mar dat kin net earder beoardiele wurde as dat de boel goed skjinmakke en testen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)