Tsiis FrieslandCampina wint WK

08 mrt 2012 - 08:01
  • FrieslandCampina

In tsiis fan suvelkonsern FrieslandCampina is de bêste fan de wrâld. It giet om de Vermeer-tsiis, dy't makke wurdt yn in tsiisfabryk Steenderen en distribuearre wurdt fanút Wolvegea. De tsiis wûn de earste priis op it WK foar tsiismakkers yn Madison, yn de Feriene Steaten. Der wiene mear as twatûzen tsiissoarten ynstjoerd. De trije foargeande kearen wûn der hieltiten in tsiis út Switserlân.

Tsiissoarten dy't makke wurde yn Gerkeskleaster, Dronryp en Warkum en dy't ek ynstjoerd wiene, foelen net yn de prizen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)