Tsientûzen besikers by dino's

09 feb 2011 - 21:09
  • Foto: Geale Groen
  • Foto: Geale Groen

It natoermuseum Fryslân yn Ljouwert hat in wiere hit yn hûs. Nei krap twa wiken ha al mear as 10.000 minsken nei de tentoanstelling 'Jurassic Leeuwarden 2' west. Woansdeitejûn wie frou Becherer fan Ljouwert de offisjele tsientûzenste besiker. Sy krige fan de direkteur fan it museum in blomke en in jierabonnemint op it museum.

By de tentoanstelling binne 15 dino's te sjen en wurdt in opgraving fan echte bonken útstald.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)