Tsientallen ynbraken oplost

25 mrt 2005 - 14:58

Mei de oanhâlding fan trije jonges út Drachten hat de plysje tsientallen ynbraken oplost. It giet om twa jonges fan 19 jier en in jonge fan 18 jier dy't benammen yn sportkantines ynbrutsen ha. Se ha 23 saken bekend. Der waard ûnder oaren ynbrutsen yn Gruttegast, Aldeboarn, De Rottefalle en Koatstertille.

Alle kearen waard der benammen iten, drinken en snobberij stellen. De skea rint yn de tûzenen euro's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)