Tsientallen taksysjauffeurs op strjitte troch nije flekswet

30 jun 2015 - 19:46

Troch de nije flekswet ferlieze tsientallen taksysjauffeurs harren baan. Yn dizze nije wet stiet dat flekswurkers net langer as twa jier oan it wurk meie. Dêrnei moatte se der in healjier út.

Under oaren by Taxi Witteveen reitsje in soad sjauffeurs harren baan kwyt troch dizze nije regeling. Minke Jansma fan FNV taxi seit dat der fanút hiel it lân klachten komme oer de nije flekswet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)