Tsientallen stoarmskeameldings

05 des 2013 - 20:11

By de brânwacht binne tongersdeitejûn inkele tsientallen skeameldings binnenkaam fan stoarmskea yn de provinsje. Yn Skarsterbrêge binne acht sinnepanielen fan in hûs oan de Hollandiastrjitte ôfwaaid. Dêrby is ek in rút stikken rekke.

De brânwacht hat del west en hat der foar soarge dat de situaasje wer feilich is. Ek it stikkene rút is provisoarysk repareard. Yn Aldegea (Gaasterlân-Sleat) gongen ek in soad dakpannen de loft yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)