Tsientallen stellen fytsen fûn yn bungalow Appelskea

11 nov 2015 - 10:18

Trije Poalen dy't yn Appelskea op in rekreaasjepark wenje, hawwe tsientallen fytsen stellen. De twa manlju fan 35 en 37 jier en in frou fan 24 binne tiisdeitejûn oanhâlden.

By de plysje wie in tip binnenkaam dat yn de bungalow in soad stellen fytsen stean soene. By ûndersyk die bliken dat yn ien fan de sliepkeamers de fytsen stiene. Ek binne in soad fytsûnderdielen fûn. De plysje tinkt dat al it guod stellen is. Der wurdt no sjoen oft de eigeners fan de fytsen achterhelle wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)