Tsientallen oanfragen faksin

21 aug 2001 - 00:00

De Ljouwerter apoteken hawwe de ôfrûne wike tsientallen oanfragen krigen foar in faksin tsjin de meningokok C. Benammen de apoteken yn de troffen wiken hiene benaude âlden oan 'e baly.

It faksin is inkeld op doktersresept te krijen. Dokters bin net sa foar de yninting, want it is noch ûnbekend oft it yn Ljouwert om it type C giet. By akute gefallen helpt inkeld antybiotika.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)